Rotonde Broeksterwâld iepene

13 feb 2010 - 16:35

Yn Broeksterwâld is sneon de fernijde rotonde iepene. Deputearre Adema en wethâlder Van der Ploeg fan Dantumadiel diene dat troch mei in groep skoalbern sechtich Fryske flachjes op de rotonde te setten.

De provinsje hat it ferkearsplein oanlein omdat it krúspunt dat der earder lei, gefaarlik wie. Foaral skoalbern kinne no folle feiliger oerstekke. De nije rotonde hat ek in bushalte dêr't feilich yn- en útstapt wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)