"Rotonde 15 jier filefrij"

09 feb 2006 - 17:01

De rotonde fan de Jouwer is de kommende 15 jier filefrij. Dat sei deputearre Baas woansdei by de besite fan minister Peijs fan Ferkear. Sij brocht de 10 miljoen euro dy't bedoeld is om de rotonde oan te pakken. Provinsje en gemeenten sille sels noch seis miljoen betelje.

Der wurde maatregels naam om it filelijen op te lossen. It giet om de oanlis fan in bypass en in fly-over, in soarte fan fiadukt mar dan op peallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)