Rotary stipet bernebuorkerij

29 des 2003 - 00:00

Bernebuorkerij Doniastate yn Stiens krige moandei krapoan 10.000 euro fan de Ljouwerter Rotary. Dat barde yn it ramt fan it 75-jierrich bestean fan de Rotary. Op Doniastate wurkje minsken mei in ferstanlike handicap.

It jild sil bestege wurde oan in edukatyf sintrum op de hieltyd grutter wurdende bernebuorkerij. Moandeitemoarn lange frou Vroeg in de Weij, boargemaster fan Boalsert en foarsitter fan de Ljouwerter Rotary, it jild oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)