Rose seis wiken útskeakele

07 sep 2012 - 14:57

SC Cambuur fuotballer Yuri Rose hat de binnenbân fan syn rjochterknibbel ynskuord. Troch dizze blessuere kin de oanfierder seis wiken net yn aksje komme. Rose hat de blessuere ferline wike oprûn yn de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles.

Freed hat Cambuur de oefenwedstriid tsjin de beloften fan Volendam mei 4-1 wûn. Doelpunten waarden makke troch Erik Bakker, Leon Broekhof, Oebele Schokker en Martijn Barto.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)