Rose hâldt op by Cambuur

04 apr 2013 - 13:16
  • Yuri Rose

Yuri Rose hâldt oan de ein fan it seizoen op as betelle fuotballer. De hast 34-jierrige middenfjilder hie noch in trochrinnend kontrakt by de Ljouwerter profklup. Yn goed oerlis is besletten om dat kontrakt nei dit seizoen te ûntbinen.

Rose begûn syn karriêre yn 1997 by FC Volendam. Nei Heracles Almelo, SC Hearrenfean, Sparta Rotterdam en De Graafschap tekene de middenfjilder ferline jier in twajierrich kontrakt by Cambuur. Dat kontrakt wurdt no nei ien jier beëinige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)