Rop om ottertunnels ûnder A7

25 jun 2007 - 21:19
  • A7 funest foar otters?

De Stichting Otterstation fynt dat der tunnels foar otters komme moatte ûnder de A7 tusken Terwispel en Fryske Peallen. Ferline wike waard op it stik dyk in deariden otter fûn, neffens de stichting wie dat de trettjinde sûnt 1965. Dat betsjut dat hast de helte fan de otters dy't yn Fryslân deariden waarden op it stik A7 omkaam is.

De tunnels soenen oanlein wurde moatte by it Keningsdjip en de Nije Feart. Dêr rinne âlde trekrûtes fan de otters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)