Rop om jild foar stikkene klok

19 maaie 2006 - 09:35

De Herfoarme Tsjerke fan Froubuert ropt har ynwenners op om jild te jaan foar de restauraasje fan de tsjerkeklok. Nei in ynspeksje oardel jier lyn die bliken dat de klepel fan de klok stikken is. En dat wylst de klok al sa'n 400 jier lang wurke hat.

De reparaasje kin dien wurde yn Dútslân, mar dat sil in soad sinten kostje. Mei-inoar moat der sa'n 100.000 euro op it kleed komme. Alle ynwenners krije ynkoarten in brief.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)