Rooyakkers wint Fryske Wâlden

17 apr 2005 - 13:12

Piet Rooyakkers wûn sneon de Fryske Wâlden Klassiker mei start en finish yn Burgum. Rooyakkers kaam solo oer de einstreek. Rik Kavsek waard twadde, Stefan Huizinga waard tredde. Jabik-Jan Bastiaans (fan Tytsjerk, mar no yn Amsterdam) wie op it sechde plak de bêste Fries.

Sven Kramer fan Aldskoat koe goed meikomme yn 'e ronde oer 178 kilometer, mar moast op it lêst losse. Germ van der Burg foel út mei in blessuere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)