Roosenburg fuort by De Jouwer

10 des 2009 - 11:25

Fuotballer Martijn_Roosenburg hoecht him net mear te melden by De_Jouwer. Syn gedrach wurdt troch it bestjoer fan de sneinshaadklasser net langer pikt. Roosenburg liet him yn de Ljouwerter krante ferskate kearen negatyf út oer de klup. Hy soe net mear motiveard wêze en it allinnich noch foar it jild dwaan.

De klup en Roosenburg treffe no in regeling om de saken ôf te hanneljen. Roosenburg spile yn it ferline ûnder oaren foar SC_Cambuur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)