Roorda wiist Excelsior it paad

02 apr 2011 - 23:30
  • Geert Arend Roorda skoarde twa kear (foto: Martin de Jong)

Geert Arend Roorda wie de grutte man yn de wedstriid SC Hearrenfean tsjin Excelsior. De middenfjilder, dy't net goed genôch wie foar Hearrenfean en ferhierd waard oan de Rotterdammers, stie mei twa doelpunten oan de basis fan de weropstanning fan Excelsior.

Hearrenfean kaam fia Michel Breuer en Bas Dost op in 2-0 foarsprong. Mar troch in trefsekere Roorda en ynfaller Lagouireh ferspile de ploech yn de slotfaze de winst en bleaun it foar de sechsde kear op rige sûnder oerwinning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)