Roorda wer lang der út

22 sep 2009 - 22:15
  • It sil noch in skoft duorje foardat Roorda wer meifuotbalje kin (foto Martin de Jong)

Geert Arend Roorda fan Sportklup Hearrenfean is opnij lang útskeakele. De 21-jierrige middenfjilder hat moandei yn Rotterdam in meniskusoperaasje hân en moat dêrfan seis oant acht wiken werstelle.

Roorda hat al mear as twa jier lêst fan 'e knibbel. Hy waard yn oktober fan it ferline jier operearre en hat dêrnei mar fjouwer kompetysjeduels foar Hearrenfean spile. Ek foel er yn by de bekerfinale tsjin FC Twente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)