Roorda traint wer mei de groep

18 nov 2011 - 12:17

Hearrenfeanspiler Geert Arend Roorda hat foar it earst wer mei de groep meitraind. Roorda bruts fjouwer moannen lyn syn lytse tean.

Roorda stiet fan it begjin dizze moanne ôf al op it trainingsfjild, mar no traint er echt wer mei de groep mei. "Myn herstel giet bêst. Ik ha gjin weromslach." Roorda hopet miskien takom wike moandei wer spylminuten te meitsjen mei de beloften.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)