Roorda by seleksje Excelsior

05 feb 2011 - 14:26
  • Geert Arend Roorda

Geert Arend Roorda kin sneontejûn syn debút meitsje foar Excelsior. Dan spilet de ploech út Rotterdam tsjin AZ. Mei Roorda hat de lêste Fryske fuotballer SC Hearrenfean no foarearst ferlitten. It is min of mear in twongen ôfskie, want de 23-jierrige Roorda kaam ûnder Ron Jans amper oan fuotbaljen ta.

By Excelsior komt Roorda trainer Alex Pastoor tsjin dy't earder ek by Hearrenfean spile en trainde. Pastoor sjocht it wol sitten mei Roorda.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)