Roorda op PraatmarFrysk-feest

26 nov 2007 - 11:02
  • Geert Arend Roorda praat ek Frysk

De kampanje Praat mar Frysk is mei topmodel Doutzen Kroes úteinset. No woansdei is der Praat-mar-Fryskfeest yn Oentsjerk. Dêr dogge fuotballer Geert Arend Roorda fan SC Heerenveen en de Fryske band AtMit oan mei.

Ek de Praatpeal stiet der. Yn dy peal kinst wat kwyt en dat wurdt filme. Dy filmkes komme op praatmarfrysk.nl en de aardichste komme yn Hea by Omrop Fryslân. Op it feest is fergees kampanjemateriaal te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)