Roorda nije trainer fan Aris

08 nov 2005 - 16:33

André Roorda is de nije coach fan de Ljouwerter basketbalferiening Woon!Aris. Roorda is de opfolger fan Tom Simpson. Simpson moast ophâlde omdat syn soantsje slim siik is.

André Roorda is gjin ûnbekende by Aris. In lytse fjouwer jier lyn wie hy ek al trainer fan it earste team. Roorda sil earst de oanpak fan Simpson fuortsette. Tiisdeitejûn is de earste training ûnder lieding fan Roorda.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)