Roorda: 'NEC befalt prima'

18 jul 2012 - 10:03

Geert Arend Roorda hat it goed nei it sin by syn nije klup NEC. De middenfjilder spile juster ien helte mei yn de oefenwedstriid tsjin Cambuur, dy't einige yn 1-1. Roorda stiet noch altyd achter syn kar om Hearrenfean achter him te litten en te kiezen foar in nij aventoer.

Roorda: 'It befalt prima by NEC. Ik wurd serieus naam en ha in goeie kâns om in protte te spyljen op it middenfjild. It is in leuke groep mei in goed nivo, mar noch wol wat wikselfallich.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)