Roorda mooglik ûnder it mes

14 sep 2009 - 15:50
  • Geert Arend Roorda

Fuotballer Geert Arend Roorda moat mooglik in sjochoperaasje oan syn knibbel ûndergean. De 21-jierrige middenfjilder fan SC Hearrenfean waard ferline jier oktober ek al oan syn knibbel holpen, mar is noait hielendal wer better wurden fan syn blessuere.

Sûnt dy lêste operaasje kaam Roorda noch mar fjouwer kear yn aksje foar SC Hearrenfean. Dit seizoen hat er noch gjin minút yn it earste alvetal fuotbalje kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)