Roorda hopet op rappe rentree

19 okt 2014 - 13:50

Fuotballer Geert Arend Roorda hopet nei de winter wer meitraine te kinnen mei SC Cambuur. Roorda skuorde yn de tarieding mei de Ljouwerters de achillespees ôf en is op dit stuit oan it revalidearjen. De fuotballer hat gjin kontrakt by Cambuur, mar hy hat de ôfspraak makke dat er him meldt by de technyske stêf wannear't er wer fit genôch is om op it fjild mei te trainen.

Roorda folge de jeugdoplieding by SC Hearrenfean. Hy spile fan 2007 oant 2012 yn it earste alvetal. Dit seizoen melde er him by SC Cambuur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)