Roorda belangstelling fan Luik

20 jul 2011 - 10:06

De saakwaarnimmer fan Geert Arend Roorda befestiget dat Standard Luik de middenfjilder fan SC Hearrenfean oernimme wol. De partijen binne it mei elkoar iens, mar Roorda moat allinnich noch medysk keurd wurde.

Roorda hat altyd sein dat er him op de Fryske klup rjochtet, mar dat er iepen stiet as der wat bysûnders foarbykomt. Standard Luik fynt er bysûnder om't de Belgyske fuotbalklup yn de top spilet en ek útkomt yn de Champions League.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)