'Roomse leven' langer te sjen

27 feb 2005 - 13:41

It Titus Brandsma Museum yn Boalsert hat de tentoanstelling 'Beelden van het rijke Roomse leven' ferlingd. De tentoanstelling mei foarwurpen dy't rooms-katoliken brûke by har geloof is noch te sjen oant en mei earste Peaskedei. De tentoanstelling wurdt letter opromme fanwege de grutte belangstelling dy't der foar bestiet.

Nei Peaske rint der yn it museum in tentoanstelling oer de ieuwenlange oanwêzigens fan Fransiskanen yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)