Roobol-foarsitter Trees Galama stapt per direkt op

24 apr 2015 - 20:31
  • Alden kamen yn aksje foar direkteur Germ de Vries fan de Burgerskoalle

Bestjoersfoarsitter Trees Galama fan ûnderwiiskoepel Roobol leit har funksje per direkt del. Oanlieding is in ekstern ûndersyk neidat ûnrêst ûntstien wie binnen de organisaasje. Dat hie te krijen mei it opstappen fan direkteur Germ de Vries fan de Burgerskoalle yn Dokkum. Hy krige dien, mar de âlden wienen it dêr net mei iens en kamen yn opstân.

Dat hat úteinlik laat ta in ûndersyk nei it funksjonearjen fan it bestjoer fan Roobol, dêr't de Burgerskoalle ûnder falt.

De ried fan tafersjoch, dy't it ûndersyk oanfrege hat, seit it beslút fan Galama te begripen en te betreurjen. Meikoarten wurdt der in ynterim-bestjoerder oansteld om de taken fan Galama oer te nimmen.

De risseltaten fan it ûndersyk wurde net iepenbier makke, lit vice-foarsitter Chantal Bosch fan de ried fan tafersjoch witte. De ferbetterpunten dy't nei foaren kaam binne, wurde nije wike mei it personiel bepraat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)