Ronde fan Spanje: Weening 162e

08 sep 2004 - 13:33

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema is tiisdei yn de fjirde etappe fan de Ronde fan Spanje 162e wurden. De koereur út de Rabobank-ploech einige yn it peloton yn deselde tiid as de winner fan de massasprint, de Italiaan Alessandro Petacchi.

Dy boekte al syn 2e etappe-oerwinning yn de Ronde. Yn it algemien klassemint stiet Pieter Weening no op it 98e plak op 2 minuten en 40 sekonden fan lieder Benoit Joachim (Lúksemboarch).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)