Ronald Mulder wint koartebaan

25 jan 2006 - 11:59

De 19-jierrige Ronald Mulder fan Swolle is winner wurden fan de earste koartebaanwedstryd fan dit seizoen yn Haulerwyk. Pim Brusche út Harbrinkhoek yn Oerisel waard twadde.

De tredde priis wie foar de bêste Fryske dielnimmer: Sietse Heslinga fan Warkum. As it waar it talit binne der woansdei trije koartebaanriderijen. De froulju ride middeis yn Steggerda. Der binne manljusriderijen yn Ulesprong (middeis) en de jûns yn Nijlemmer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)