Ronald Mulder wint earste 500

27 des 2013 - 17:43
  • Jesper Hospes

De earste omloop fan de 500 meter by de manlju op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai op Thialf is freed wûn troch Ronald Mulder yn in nij baanrekôf fan 34.59. Bêste Fries wie Jesper Hospes, dy't mei in tiid fan 35.05 op it fjirde plak einige. Twad waard Jan Smeekens mei 34.73 en tredde Michel Mulder yn 34.75.

De manlju ride letter op 'e jûn de twadde 500 en dan wurdt dúdlik wa't op de Olympyske Spelen útkomme meie op de 500 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)