Ronald McDonaldhûs iepen

26 sep 2009 - 13:31

Fryslân hat in twadde festiging fan it Ronald McDonaldhûs. Dat is freed yn gebrûk naam yn Beetstersweach en is bedoeld foar bern mei in lichaamlike beheining en de âlden, freonen of klassegenoaten.

It Ronald McDonaldhûs by it MCL yn Ljouwert is allinnich foar âlden fan bern dy't yn it sikehûs lizze. Yn dat fan Beetstersweach is romte foar 40 minsken. It gebou is spesjaal ynrjochte foar de doelgroep, mei as leukste attraksje in wetterballet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)