Ron Jans nei SC Hearrenfean

22 feb 2010 - 11:15
  • Ron Jans (foto: Voetbalcolumnist.nl)

Ron_Jans wurdt de nije trainer fan SC Hearrenfean. De 51-jierrige Jans krijt takom seizoen de lieding oer de earste seleksje fan de fuotbalklup. Hy sil in kontrakt tekenje foar twa jier. Oer de ynfolling fan oare trainers yn de technyske stêf sil ynkoarten praat wurde. Hy begjint 1 july.

Jans makket dit seizoen ôf by FC Grins. Hy is dêr al acht jier haadtrainer. Jan Everse makket dit seizoen SC Hearrenfean ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)