Ron Jans fuort by Standard

23 okt 2012 - 07:19

Ald-SC Hearrenfean-trainer Ron Jans is net langer trainer fan it Belgyske Standard Luik. Dat hat syn saakwaarnimmer moandeitejûn witte litten. Neffens Standard is Jans der wol yn slagge om in goede relaasje op te bouwen mei de spilers, de stêf en de supporters mar bleaunen de suksessen út.

Standard Luik stiet der yn de kompetysje net goed foar mei trettjin punten út alve wedstriden. Foaral it ferlies fan ôfrûne snein by Bergen is Jans swier oanrekkene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)