Ron Jans feroaret neat

22 apr 2011 - 14:45
  • Hearrenfean-trainer Ron Jans

Trainer Ron Jans stjoert sneontejûn yn de útwedstriid tsjin VVV-Venlo deselde ploech it fjild yn as tsjin FC Utrecht. Dy wedstriid waard mei 3-0 wûn en dêrom docht de Sportklup Hearrenfean wer mei yn de striid om in plak yn de neikompetysje. VVV is de nûmer santjin en de ploech moat him rjochtsje op de neikompetysje.

Opstelling: Stuhr-Ellegaard, Janmaat, Kruiswijk, Gouweleeuw, Breuer, Väyrynen, Haglund, Assaidi, Narsingh, Dost en Beerens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)