Ron Jans ferlit Hearrenfean

05 jan 2012 - 13:56

Ron Jans hâldt nei dit seizoen op as trainer fan Sportklup Hearrenfean. Dat hat Hearrenfean tongersdei bekend makke. Hearrenfean en Jans hawwe yn goed oerlis besletten dat it tsjinstferbân fan Jans, dat oan de ein fan dit sezoen ôfrint, net ferlingd wurde sil. Ron Jans waard yn 2010 foar twa seizoenen oansteld as haadcoach fan Hearrenfean. Under syn lieding einige de klup foarich seizoen op it tolfde plak.

Op dit stuit stiet Hearrenfean op it sânde plak yn de earedivyzje en spilet it yn de kwartfinale fan de KNVB-beker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)