Ron Jans: 'Assaidi op tien'

05 nov 2010 - 12:27
  • Oussama Assaidi

Ron Jans jout Oussama Assaidi de kâns op syn favorite posysje yn de thúswedstriid tsjin Heracles Almelo. Assaidi spilet achter de spits op de nûmer tsien posysje. 'Hij mag het laten zien', sa sei Ron Jans freedtemoarn op it trainingsfjild.

Ek foar Luciano Narsingh en Michal Svec is der in basisplak. Svec is nei lang blessuereleed wer fit. Narsingh spilet oan de rjochterkant, wêrtroch Roy Beerens nei links ferhuzet. Viktor Elm en Mika Väyrynen sitte op de bank.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)