Romtegebrek skoallen Frjentsjer

28 sep 2004 - 11:20

De skoalbestjoeren yn Frjentsjertera- diel hawwe har feriene yn de OCF, de Onderwijs Coalitie Franekeradeel. De bestjoeren hoopje mei-elkoar sterker te stean om it romtegebrek fan de skoallen op te lossen. Foar útwreiding fan de skoallen is 14 miljoen euro nedich. De gemeente seit gjin jild te hawwen.

Doel fan de OCF is om earst de riedsleden te oertsjûgjen fan de needsaak fan mear lokalen. De OCF wol net mear prate mei it kolleezje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)