Romtegebrek Drachtster Lyceum

24 aug 2010 - 15:35
  • It Drachtster Lyceum

It Drachtster Lyceum moat de kommende wiken flink ymprovisearje om alle learlingen ûnderdak te jaan. De skoalle hat trije earste klassen mear as ferline jier en dêrom wiene der seis needlokalen besteld. Dy moatte lykwols noch pleatst wurde.

De learlingen kinne tiisdei wol gewoan oan it nije skoaljier begjinne, mar in oantal fan har sil bygelyks tydlik les hawwe yn kompjûterlokalen en de mediateek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)