'Romte nedich om te ferwurkjen'

30 jan 2003 - 00:00

De stekpartij yn De Marwei is hurd oankommen by de meiwurkers op de ôfdieling. Se binne in dei nei de deadlike stekpartij wol op it wurk, mar se wurkje net mei de finzenen.

De direkteur wol it personiel alle romte jaan om it te ferwurkjen. Hy fynt it noch hieltyd ûnbegryplik wat der bard is. It is noch net bekend watfoar feilichheidsmaatregels folgje nei de stekpartij. Dat hinget fan it ûndersyk ôf. Dat sil sa'n twa wiken duorje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)