Romte foar starters yn Snits

05 nov 2008 - 10:18

Startende jonge ûndernimmers moatte yn de binnenstêd fan Snits mear mooglikheden krije. Der set de gemeente op yn, sei wethâlder Metz tiisdei op in byienkomst mei Snitser sakelju. Snits tinkt der oan om in pear gaadlike winkels oan te bieden dy't no noch leech steane.

De Friese Poort siket ek mooglikheden om learlingen ûnderfining opdwaan te litten. Konkurrinsjeferfalsking wurdt it net, sa seit Metz. Bettere foarsjennings is goed foar eltsenien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)