Romte foar nij fak Frysk frege

18 mrt 2003 - 00:00

It Ministearje fan Underwiis moat skoallen yn Fryslân de romte jaan om in nij fak Frysk op te setten. Dat skriuwe de Feriening Frysk Underwiis en de Feriening fan Leararen Libbene Talen yn in brief oan de minister.

Fjouwer Fryske skoallen binne no dwaande mei it bredere fak Frysk en Kultuer. As it fak Frysk in oare ynfolling krijt mei mear kultuer en skiednis en minder oeren yn beslach nimt soe it mear learlingen lûke kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)