Romte foar fûgels yn Snits

09 mrt 2008 - 09:52

Snits moat oantreklik bliuwe foar stedsfûgels. Dat fynt de PvdA yn dy gemeente. De partij fynt dat der maatregels komme moatte foar fûgels as mosken, lysters en readsturten.

Sa moat der mear grien komme yn de túnen fan partikulieren. Yn gebouwen kinne nêststiennen ynmitsele wurde. Mear fûgels en natuer is posityf foar it ekologysk imago fan Snits en bern ferfrjemdzje net mear fan de natuer, sa seit de PvdA.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)