Romte foar 10.000 dielnimmers Mar-athon Snits

20 des 2014 - 09:12

Yn Terherne is sneon de ynskriuwing útein set foar de twadde edysje fan de Mar-athon om Snits hinne. Dy wurdt hâlden op 20 juny takom jier. Ek dit jier is der wer romte foar kuierders en hurdrinners oer de ôfstân fan in heale en in hiele maraton. Om't der ferline jier in soad belangstelling wie meie der dit jier mear minsken meidwaan. Mei-inoar giet it om 10.000 dielnimmers, de helte mear as ferline jier.

Syb van der Ploeg hat foar it evenemint it nûmer 'Op die Dag' skreaun, dat sneon foar it earst te sjen en te hearren wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)