Rommere regels foar trekkers

19 sep 2013 - 15:05
  • Twadde Keamerleden koenen in rûntsje troch Den Haach ride op twa trekkers

De snelheidsregels foar trekkers moatte ferromme wurde, sadat se ek op de provinsjale dyk ride kinne. Dat is in winsk fan de provinsje Fryslân. No jilde foar trekkers deselde regels as foar meanmasines. Neffens de provinsje wurde lytse diken feiliger wannear't trekkers dêr gjin gebrûk mear fan meitsje. By de Fryske ambassade yn Den Haach steane dêrom tongersdei twa grutte trekkers mei djiplader.

Twadde Keamerleden krije de kâns om ûnder begelieding in rûntsje te riden. It Fryske CDA-Keamerlid Sander de Rouwe set him yn foar nije regels.

Neffens De Rouwe kin de nije generaasje trekkers maklik op de provinsjale dyk ride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)