Rommere fartiden EVT

17 mrt 2010 - 12:39

De fartiden fan de EVT wurde ferromme. Dat is woansdei besletten troch de boatekommisje. Dêryn sitte de gemeenten Harns en Skylge, rederij Doeksen en Rykswettersteat. Der ûntstie de ofrûne wiken in konflikt oer de fartiden.

Neffens Rykswettersteat hâlde de EVT him net oan de ôfspraken en die it stek by it oanlisplak yn Harns op slot. Meiwurkers fan EVT fernielden dat. Ek moasten passazjiers mei treppen oer de stekken klimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)