Rommere betsjinning brêgen

28 aug 2009 - 10:23
  • Wymbrits sil brêgen mear betsjinje litte

Brêgen yn Wymbritseradiel wurde takom farseizoen de hiele dei betsjinne. No wurde de brêgen tusken de middei en op de neimiddei net iepen dien, om't de brêgewippers dan skoft hawwe. Om de gemeente oantrekliker te meitsjen foar boatsjefarders is besletten it skoft takom seizoen ôf te skaffen.

Wymbritseradiel lit dan ek tsien brêgen fan ien lokaasje ôf betsjinje. Foardiel is dat dy brêgen ek makliker bûten it farseizoen iepen dien wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)