Rommelmerken yn Burgumer fabryk

24 maaie 2004 - 00:00

Tytsjerksteradiel jout grien ljocht foar it hâlden fan beurzen yn twaddehâns guod yn it âld-suvelfabryk fan Burgum. Omwenjenden wurde fia in brief ynformearre en kinne noch ynsprekke op it beslút.

Guon minsken binne benaud foar oerlêst fan parkearende besikers yn 'e omkriten. It fabryk oan de Burgumerdaam is yn hannen fan Huizinga bv, dat dêr ûnder de namme Action Factory noch folle mear saken organisearje wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)