Romme winst sealfuotbalfroulju

27 sep 2014 - 14:58
  • De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys
  • Jessie Prijs fiert har treffer

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys pakten freed in romme 9-0 oerwinning op The Counters. Yn de eigen thúshal sette Brenda Eefting de iepeningstreffer op it boerd. Mei har twadde doelpunt soarge Eefting foar de 2-0 rêststân.

Yn de twadde helte rûn de ploech fan trainer Jos Alkema mei treffers fan Eefting, Esther van Toledo en in hattrick fan Jessie Prijs út nei in romme oerwinning. In lyts smetsje op de wedstriid foar de Drachtsters wie de ankelblessuere fan Esther van Toledo, dy't de wedstriid net útspylje koe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)