Romme winst jong Hearrenfean

22 sep 2008 - 21:13

Jong Hearrenfean hat moandeitejûn mei 5-0 wûn fan jong RKC. Yn de earste helte wiene beide ploegen oaninoar weage, mar hiene de Feansters op Sportpark Skoatterwâld it gelok fan in betiid doelpunt. Xander_Houtkoop skeat yn de twadde minút de 1-0 binnen. Deselde spiler makke ek de 2-0 yn de 20ste minút.

Nei it skoft wie de tsjinstân fan jong RKC folle minder. Lesly_Fellinga soarge foar de 3-0 en Arnór_Smárason mei twa treffers foar de 5-0.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)