Romme winst foar SC Cambuur

12 des 2009 - 21:27
  • Jeffrey de Visscher iepene de skoare foar Cambuur

SC_Cambuur hat sneontejûn de útwedstriid tsjin FC Omniworld mei 5-1 wûn. De ploech út Almere kaam noch wol op in 1-0 foarsprong troch Tayeb. Nei de reade kaart foar Pinas waard Cambuur dúdlik de bettere ploech. De Visscher soarge foar de 1-1 rêststân.

Yn de twadde helte makke Cambuur dien wurk. Türk, Maachi, Beekmans en Ter Heide soargen foar de 5-1 einstân. Cambuur en Go Ahead Eagles diele it twadde plak mei 43 punten út 21 wedstriden. De Graafschap is koprinner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)