Romme winst foar Hearrenfean

27 jun 2014 - 22:55
  • De oefenwedstriid tsjin de regioseleksje Gaasterlân
  • Striid en ynset

SC Hearrenfean is ferline wike sneon útein set mei de tarieding op it nije seizoen. Freedtejûn wie de earste oefenwedstriid yn Aldemardum tsjin in amateurseleksje út Gaasterlân.

Hearrenfean oertsjûge pas yn de twadde helte en wûn mei 10-0 fan de amateurs. Coach Dwight Lodeweges sjocht werom op in goede earste oefenwedstriid. Topscorer Alfred Finnbogason wie der net by.

Technysk direkteur Hans Vonk fan Hearrenfean wol noch neat kwyt oer de ferkeap fan de topscorer, mar oan alles is te fernimmen dat de ûnderhannelings mei de Spaanske klup Real Sociedad yn folle gong binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)