Romme oerwinning foar Flyers

12 feb 2014 - 22:19

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hienen woansdeitejûn gjin inkele muoite mei Eindhoven. Op eigen iis waard mar leafst mei 9-1 wûn. De Feansters stienen binnen in kertier al op in 6-0 foarsprong troch treffers fan Jade Galbraith, Kevin Nijland, Nick de Jong en trije kear Shawn Collymore.

Yn de twadde perioade wist Eindhoven wat werom te dwaan mar fierder as ien tsjintreffer lieten de Flyers it net komme. De doelpuntemasjine liet it by de ploech fan trainer Chris Eimers wol in bytsje ôfwitte, wêrtroch de teller úteinlik 'mar' útkaam op 9.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)