Romme oerwinning foar Aris

18 nov 2012 - 13:45
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris ha sneontejûn yn Den Helder mei 80-53 wûn fan Den Helder Kings. De ploech fan trainer Erik Braal hie de saakjes ferdigenjend knap op 'e oarder. Doe't de Ljouwerter doelpuntemasjine healwei it earste kwart begong te rinnen, kaam de thúsploech der net mear oan te pas tsjin it konsintrearre spyljende Aris. Rêststân wie 19-39.

Nei it skoft waard it publyk traktearre op prachtige Ljouwerter oanfallen. Aris rûn mei moai spul ienfâldich út nei de fjirde oerwinning fan it seizoen.

Aris stiet mei 6 punten út 8 wedstriden op it 7e plak. Tongersdei komt tsjinstanner Amsterdam op besite yn It Kealledykje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)