Romme nasjonaal kampioen

03 mrt 2002 - 00:00

Gianni Romme waard snein yn Alkmaar Nederlânsk Kampioen reedriden. Romme wûn de ôfslutende 10 km yn 'e foar in bûtenbaan treflike tiid fan 14.01'69". Ids Postma waard twadde yn it klassemint, Jarno Meijer tredde. It wie Romme syn twadde Nederlânsk kampioenskip.

Troch syn oerwinning hat Romme him kwalifisearre foar it WK, mei Jochem Uytdehaage en Carl Verheijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)