Romein wurdt popsintrum

28 jun 2006 - 11:54

It âlde teater Romein yn Ljouwert wurdt omtovere ta in sintrum foar popkultuer. Dat hat de gemeente tiisdei besletten. It nije poadium moat op 1 septimber fan start gean.

It âlde teater Romein moast ferline jier de doarren slúte, nei dat de gemeente de jildkraan ticht draaid hie. Yn oerlis mei de ûnderwiisynstellings en stifting Nij Romein is keazen foar allinich in poppoadium.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)