Romein komt mei poptydskrift

16 nov 2008 - 14:14
  • Poppoadium Romein yn Ljouwert

Poppoadium Romein yn Ljouwert komt mei in tydskrift oer popmuzyk. It earste nûmer fan 'Romein Magazine' ferskynt yn desimber en ferskynt dêrnei om de twa moanne. Yn it tydskrift wurdt op romme wize omtinken jûn oan de konserten en eveneminten yn Romein.

Ek algemiene popynformaasje krijt in plak yn it blêd. De redaksje fan 3VOOR12 Friesland sil in side folje mei nijsgjirrige ynformaasje oer alles dat der yn Fryslân plakfynt op it gebiet fan popmuzyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)